Geert Faber direkteur keatsbûn

26 jun 2013 - 10:39
  • Geert Faber

Geert Faber wurdt per 1 augustus de nije algemien direkteur fan it keatsbûn KNKB. Hy folget fuotbalman René Ahlers op. Faber wurke de lêste jierren by de ryksresjerzje. Minnertsgeaster Faber is âld-keatser en op dit stuit foarsitter fan de feriening yn syn doarp. Dêr hâldt er nei syn beneaming mei op. De nije direkteur sil him rjochtsje op de rezjy fan it bûnsburo op It Hearrenfean en de sterke gearhing tusken alle ûnderdielen fan it keatsbûn. KNKB-foarsitter Sipke Saakstra is bliid mei de komst fan Faber.

Faber hat nocht oan syn nije wurk: "It is in útdaging om as direkteur mei te wurkjen oan de fierdere ûntwikkeling fan it keatsen. Yn it spoar fan it Fryske spul moatte it one wall- en sachte bal keatsen in fêst plak krije binnen it keatsbûn."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)