Geert Dales lulk op Berndsen

30 nov 2009 - 10:47
  • Geert Dales: Magda Berndsen is laf

Ald-boargemaster Dales fan Ljouwert is lulk op korpssjef Magda Berndsen fan de plysje Fryslân. Berndsen wennet al trije jier fergees yn in appartemint yn Ljouwert. Har plysjekorps betellet de hier fan goed 760 euro de moanne.

Berndsen seit dat dat sa ôfpraat is doe't se oannommen waard, mar neffens Dales is dat net wier. Neffens him wie it in tydlike regeling en wie it seker net de bedoeling dat Berndsen har appartemint trije jier lang oanhâlde soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)