Geert Arend Roorda tekenet kontrakt by FC Dordrecht

31 jul 2015 - 17:28
  • Geert Arend yn it shirt fan SC Hearrenfean

Fuotballer Geert Arend Roorda hat in kontrakt tekene by FC Dordrecht. De 27-jierrige Roorda hat in jier mei blessueres achter de rêch. Hy moast moannelang revalidearje. Nei syn trochbraak by SC Hearrenfean spile Roorda by Excelsior, NEC en Sparta Rotterdam. Dordrecht spilet yn de Jupiler League.

Om syn kondysje op peil te hâlden, trainde hy ferline jier by SC Cambuur, doe't hy blessearre rekke. Roorda skuorde doe syn achillespees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)