Geen Stijl helpt Súdwesthoeke

25 jan 2010 - 09:22

Webside Geen Stijl nimt in foarskot op it stimmen foar in namme foar de nije Súdwesthoekegemeente dy't op 1 jannewaris takom jier ûntstiet. De webside ropt de lêzers op in namme te betinken foar de gemeente. De wurknamme fan de nije gemeente is no noch Súdwest-Fryslân.

Der hawwe al mear as 400 minsken reagearre op de oprop fan Geen Stijl. Neamd wurde ûnder oaren Sniks, Bûterbrea-en-grienetsiiseradiel en Brokstikken, as ferwizing nei Arno Brok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)