Gedrachsregels yn Kollumerlân

21 jan 2004 - 00:00

Minsken yn Kollumerlân dy't wat ferniele, moatte dat sels betelje. Dat is ien fan de fiif gedrachsregels dy't de ynwenners fan de gemeente mei elkoar ôfpraat ha. Kollumerlân hat de ôfrûne moannen útsocht watfoar ôfspraken de leefberheid ferbetterje.

De regels geane oer fernielerij, it tsjingean fan geweld en it skjinhâlden fan de gemeente. Kollumerlân makket de gedrachsregels meikoarten bekend ûnder de ynwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)