Gedrachsregels yn Kollumerlân

20 nov 2003 - 00:00

Gedrachsregels moatte it libben yn Kollumerlân feiliger en nofliker meitsje. Dêrby falt te tinken oan it foarkommen fan alkoholmisbrûk, je hâlde oan ferkearsregels en oaren yn wearde litte.

Boargemaster Bilker wol noarmen en wearden werom bringe yn de maatskippij. Om de regels op te stellen, is in enkête ûnder de befolking holden. Uteinlik wurde 5 regels keazen dy't op posters yn de gemeente ophongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)