Gedrachskoade foar Waadsee

26 jan 2003 - 00:00

Foar brûkers fan de Waadsee komt in gedrachskoade. Dêrmei hoopje natuer- en rekreaasje-organisaasjes dat de natuer yn it gebiet sa min mooglik steurd wurdt. Besteande regels moatte ek dúdliker wurde. Yn it konvenant komt te stean dat skippen net oeral droech falle meie en dat seehûnen mei rêst litten wurde moatte.

Belutsen partijen ûndertekenje de gedrachskoade yn febrewaris. Der wurdt fjouwer jier sjoen oft de koade wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)