'Gedoge sûpketen opnij besjen'

04 sep 2007 - 14:03

Achtkarspelen sil it gedoochbelied fan keten yn 'e gemeente opnij besjen. Yn in rapport fan wolwêzenorganisaasje Timpaan stiet dat hieltyd mear jongeren hutten en keten bouwe. It gebrûk fan alkohol op strjitte is fermindere. Mooglik dat dy aktiviteiten harren ferpleatst hawwe nei de keten. It jongerenwurk krijt dêr sinjalen oer. Achtkarspelen tinkt oer in oanpak mei oare gemeenten yn Noardeast-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)