Gedoch om hynder yn it wetter

04 jun 2014 - 12:53
  • It hynder yn it wetter

Grutte konsternaasje tiisdeitejûn yn it natuergebiet oan de noardkant fan Ljouwert by de golfbaan. Ien fan de wylde hynders dy't dêr omrinne wie yn it wetter bedarre en stie der oant de nekke ta yn. Under oare de brânwacht wie oproppen om it hynder te helpen. Neffens eigener Gradiënt Ecobeheer wie dit lykwols net nedich. De hynders komme faker yn it wetter en kinne der gewoanwei sels útkomme.

Dochs belje treinreizgers dy't de hynders sjogge faak mei de brânwacht.

De eigener en de gemeente hawwe oerlein oer maatregels. De gemeente sil de kant fan it wetter steiler meitsje. Sa kinne de hynders net langer goed by it wetter komme. As dat net wurket, dan komme der miskien roasters yn it natuergebiet. Sa kinne de hynders it wetter net mear ynrinne, en wurdt de brânwacht net mear om 'e nocht belle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)