Gedichtewedstriid op Twitter

30 jul 2010 - 12:05

Yn De Moanne fan it Fryske Boek yn septimber is der in gedichtewedstriid op Twitter. Gedichten kinne set wurde op 'e eigen Twitteraccount. De sjuery siket de gedichten op oan de hân fan in spesjaal sykwurd dat de dielnimmers derby sette moatte.

De gedichten meie yn it Frysk of yn in oare taal skreaun wurde. De sjuery bestiet út fertsjintwurdigers fan de Fryske media. De winner krijt in spjeldsje dat spesjaal foar de wedstriid makke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)