Gedichten yn alve stêden

31 jan 2008 - 22:00
  • Tsjêbbe Hettinga. Foto: Tresoar

De Fryske alve stêden diene tongersdei mei oan 'e Nasjonale Gedichtedei. Yn elke stêd waarden gedichten foarlêzen. Yn it tuorke fan it stedhûs fan Frjentsjer lies de heit fan Hein Jaap Hilarides in fers oer syn eigen Alvestêdetocht fan 1963. De dichter wie ferhindere om't er siik wie.

De ôfsluter wie yn Ljouwert mei de dichter Tsjêbbe Hettinga. De alve gedichten foarmje mei-inoar ien grut gedicht dat op www.farsk.nl ferskynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)