Gedicht op graffity-muorre

05 nov 2014 - 08:39
  • Winskmuorre De Laatste Eer yn Drachten

Op de "lêste winsk graffity-muorre" yn Drachten sille graffity keunstners sneon it gedicht fan frou Beijaard-Hopman út Drachten spuitsje. It gedicht waard troch útfeartorganisaasje De Laatste Eer útkeazen as moaiste libbenswinsk.

De útfeartferiening rôp ynwenners fan de gemeente Smellingerlân yn juny dit jier op om harren lêste winsk op te skriuwen. Op de graffity-muorre yn Drachten steane allerhanne winsken, dy't oanslute op de sin 'Voor ik sterf wil ik...'. Minsken kinne mei kryt har eigen winsken op de muorre sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)