Gedicht by keunstwurk lûdswâl

05 jun 2008 - 23:19
  • Ids Willemsma thús yn Easterwierrum

Op de lûdswâl oan ´e A7 by De_Jouwer is tongersdei in plakkaat mei in gedicht fan keunstner Ids_Willemsma ûntbleate. It gedicht is in oanfolling op syn keunstwurk yn de foarm fan in skip, dat dêr yn oktober al pleatst is.

Nei oanlieding hjirfan hat de gemeente Skarsterlân besletten in keunstrûte troch de gemeente út te setten. Minsken kinne by it VVV fergees in rûte ophelje dy´t by 32 keunstwurken yn de gemeente lâns giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)