Gedicht fan Mata Hari ûntdutsen

11 jan 2002 - 00:00

In oant no ta ûnbekend gedicht fan Margaretha Zella, oftewol Mata Hari, is koartlyn ûntdutsen yn in poëzijalbum. It album wie fan har freondinne en klasgenoate Grietje de Hoo.

Sy wie de âld-muoike fan Peter de Hoo, dy't it album no yn besit hat. Mata Hari hat it ferske yn 1888 skreaun. Se wie doe tolve jier. It poëzijalbum is te sjen yn it Historysk Sintrum Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)