Gebouwen Makkum opknapt

08 mrt 2005 - 10:46

Twa slim fertutearze ryksmonuminten yn Makkum wurde dit jier opknapt. De gebouwen oan de Foarstrjitte rûnen mear as tsien jier lyn in protte skea op troch in grutte brân. Sûnt dy tiid is neat mear oan de histoaryske gebouwen dien.

Der wie in sloopfergunning ferliend. No is besluten de gebouwen op te knappen. Ien gebou kin net mear opknapt wurde. De restauraasje moat troch in nije eigner, mei stipe, betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)