Gebouwen Kameleondoarp ferkocht

28 jan 2005 - 08:51

It ûnreplik guod fan it Kameleondoarp Terherne wurdt oernommen troch fêstgoedûndernimmer Wibo Anema út Grins. It giet om it Kameleoneilân, de museumbuorkerij en it boatestasjon.

It Kameleondoarp wurdt no hierder fan de gebouwen. Dat is goedkeaper en mei it jild dat frijkomt, wol direkteur Jan Stedehouder it Kameleondoarp ferbetterje en útbouwe. Dit jier tinkt er 75.000 besikers lûke te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)