Gebou Roelof Steinvoorte kreake

12 maaie 2003 - 00:00

It gebou fan makelder Roelof Steinvoorte oan it Zuiderplein yn Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei kreake. It gebou stie al tsien jier leech en leit der fertutearze by.

Mei de aksje protestearje de kreakers tsjin it leechstean fan in tal gebouwen yn Ljouwert, wylst der in soad minsken ferlet ha fan in goedkeape wente. It kantoar is nei't Steinvoorte fermoarde waard bûten gebrûk rekke. It is no fan de stifting Roelof Steinvoorte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)