Gebonk yn motor Koegelwieck

05 sep 2006 - 18:03

De rappe boat nei Skylge is oardel wike út 'e feart troch motorpech. Passazjiers fan 'e Koegelwieck ûntdutsen de steuring moandei. Se hearden bonken yn 'e motor. Dat waard hieltyd slimmer.

Ynspeksje fan de motor wiisde út dat in part werom moat nei it fabryk yn Rotterdam. De reparaasje duorret op syn minst oant ein nije wike. Rederij Doeksen soarget foar alternatyf ferfier foar de reizgers nei Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)