Gebietsferbod by opfanglokaasje flechtlingen Kollum

02 okt 2015 - 13:32

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân hat in gebietsferbod ynsteld om de opfanglokaasje fan flechtlingen yn Kollum hinne foar dit wykein. Minsken dy't tichter as 100 meter by de Colle en de Van Der Bij Hal komme, kinne maatregels fan de plysje ferwachtsje. Oanhâldings wurde net útsletten.

Boargemaster Bilker nimt dizze maatregel om't hy foarkomme wol dat besikers oan de Oktoberfeesten dy't dit wykein yn it doarp hâlden wurde, de konfrontaasje sykje mei de asylsikers.

Om't de kosten foar de krisisneedopfang te heech binne, stjoert de gemeente in rekken nei it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)