Gebedsgearkomsten yn Bethel

15 aug 2014 - 10:31
  • De Betheltsjerke yn Drachten

De Betheltsjerke yn Drachten hâldt takom wike trije gebedsgearkomsten foar de slachtoffers fan ferskate humanitêre rampen yn de wrâld. De tsjerke neamt ûnder oare de ferfolging fan minderheden troch de Islamityske Staat, de oarloch yn Gaza, de útbraak fan Ebola en it tanimmende antysemitisme yn Nederlân.

De earste gebedsgearkomste fan de Bethel begjint op moandeitejûn en duorret in healoere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)