Gebed foar slachtoffers

12 sep 2001 - 00:00

Leauwigen yn Nederlân sille dit wykein yn har gebed spesjaal stilstean by de slachtoffers en neibesteanden fan de oanslaggen yn Amearika. Se sille bidde foar frede en rjochtfeardichheid.

It idee komt fan de biskoppen dy't dêrmei oanjouwe achter har oerseeske kollega's te stean. Mei it gebed wolle se in delgeande spiraal fan haat en etnyske stereotypen tsjin gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)