'Gebarekafee' op it Fean

15 jan 2004 - 00:00

Yn jongereinsintrum de Sfinks op it Hearrenfean wurdt takom wike freed in gebarekafee hâlden. It is foar it earst dat sa'n initsjatyf yn Noard-Nederlân fan de grûn komt.

It kafee hat as doel de ôfstân tusken dôve en goed-hearrende minsken te ferminderjen. Der wurdt muzyk draaid troch min-hearrende dj's. Besikers kinne ek dûnsje, of meiïnoar prate, al dan net yn gebaretaal. It kafee sil ien kear yn de moanne organisearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)