Geau-akwadukt fol wetter

08 nov 2007 - 16:35
  • De wetterbak fan it akwadukt fol wetter. Foto: Jan Douwe Gorter
  • Foto: Jan Douwe Gorter

De wetterbak fan it Geau-akwadukt yn Snits is tongersdei foar it earst fol wetter rûn. Deputearre Adema en direkteur De Ruig fan Rykswettersteat Noard-Nederlân ha tegearre in daam ôfgroeven, sadat it wetter frij spul krige.

It wetter fan de Geau streamt no nei hast 35 jier wer op it oarspronklike plak. De nije wettergong is koartlyn groeven, doe't de rûnwei fan Snits njoggen dagen ticht wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)