Gearwurking yn toerisme

11 jan 2010 - 11:26

Toerismeburo Friesland Holland sil mei VVV's en lokale toeristeburo's Súd- en Midden-Fryslân promoatsje. Se hawwe dêrfoar in fakânsjemagazine makke dat op de fakânsjebeurs yn Utrecht presintearre wurdt. De beurs begjint woansdei.

Fierders komt der in mienskiplike stand op 'e fakânsjebeurs yn Düsseldorf dy't ein dizze moanne hâlden wurdt. De VVV's yn Langwar, De Jouwer, Grou, Akkrum en It Hearrenfean dogge der ûnder oare oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)