Gearwurking yn Súdeast Fryslân

17 jun 2014 - 11:02
  • Gemeente Eaststellingwerf
  • Gemeente Weststellingwerf
  • Gemeente Opsterlân

De gemeenten Eastellingwerf, Westellingwerf en Opsterlân sille yntinsyf gearwurkje. Der is al in pear jier oer praten, mar de hantekens binne no pleatst. Yn de trije gemeenten wenje 80.000 minsken en dêrmei binne se grutter as de gemeente SúdWest-Fryslân, mar fusearje wolle se noch net. Wol ferhúzje in oantal amtners nei oare plakken, omdat guon tsjinsten op ien plak komme te sitten.

Doel fan de operaasje is om de kosten werom te bringen. Fierder kinne de trije gemeenten no de nije wetjouwing út Den Haag better oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)