Gearwurking wolwêzen âlderein

16 jan 2003 - 00:00

De Vereniging Welzijnswerk en de Stichting Welzijn Ouderen yn Tytsjerksteradiel moatte binnen twa jier fusearje. Dat ha de beide organisaasjes ôfpraat.

De beide ynstellings wolle gearwurkje om't se hieltyd faker itselde wurk dogge. Mar se wolle har benammen rjochtsje op it ûntwikkeljen fan nije inisjatieven foar de âlderein yn Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)