Gearwurking VVV en skipfeartmuseum Snits grut sukses

03 aug 2015 - 16:40
  • De VVV yn it skipfeartmuseum yn Snits
  • De nije VVV

De gearwurking tusken de VVV en it skipfeartmuseum yn Snits liket in grut sukses. Sûnt heal april sit it VVV-kantoar yn de hal fan it museum en foar beide organisaasjes smyt it ekstra drokte op. Sa stappe besikers fan it museum ek noch efkes by de VVV-frijwilligers del en oarsom. It VVV sit op dit nije plak om't se fuort moasten út it âlde kantoar oan de Merkstrjitte.

De gemeente sette de subsydzje stop en dêrmei koe de VVV it kantoar net langer betelje. Yn de syktocht nei in nij, en fergees, plak kamen se út by it skipfeartmuseum.

It giet foarearst om in proef fan in jier. Dêrnei sil besjoen wurde oft de gearwurking trochsetten wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)