Gearwurking tusken ferskate partijen yn de jeugdsoarch

01 nov 2015 - 17:09

Fiif Fryske soarchorganisaasjes dy't help ferliene oan jeugd, wurkje fan moandei ôf gear yn trije teams. It team bestiet út spesjalisten fan Jeugdhulp Fryslân, Accare, REIK, Kinnik/GGZ Fryslân en Verslavingshulp Noard-Nederlân.

Troch meiwurkers yn in team gearwurkje te litten kinne bern dy't meardere problemen hawwe flugger help krije. De gearwurking moat der ek ta liede dat it tal bern dat yn de krisissoarch telâne komt ôfnimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)