Gearwurking tusken City Jazz Ljouwert en UIT-festival

03 jul 2015 - 16:26
  • City Jazz yn Ljouwert

City Jazz Ljouwert ferhuzet fan de sneon nei de snein. It festival is in gearwurking oangien mei it UIT-festival yn de stêd, en dat is altyd op snein. Dit jier is dat 30 augustus. De nije opset slút oan by de winsk fan de provinsje en de gemeente om mear eveneminten gearwurkje te litten.

City Jazz wurdt foar de fjirde kear holden en hat dit jier ûnder oaren de Deeldeliers op it poadium stean, dat is de nije band van Jules Deelder. It festival wurdt ôfsletten troch The Cool Quest út Swol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)