Gearwurking tsjerken Ljouwert

16 mrt 2009 - 16:59

Twa grifformearde tsjerken yn Ljouwert sille tenei yntinsyf oparbeidzje. It giet om de frijmakke grifformearde tsjerke De Morgenster en de kristlik grifformearde Betheltsjerke. De gemeenten ha mei-inoar goed 1900 leden.

De gearwurking wurdt kommende snein sichtber, as de predikanten fan beide tsjerken fan kânsel wikselje sille. Ek sil yn beide Ljouwerter tsjerken safolle mooglik deselde liturgy brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)