Gearwurking Talant en Palet

19 des 2005 - 16:01

De soarchynstellings Talant en Palet wolle mear gearwurkje. Yn jannewaris begjint in ûndersyk nei de gebieten dêr't dat it bêste dien wurde kin. Beide ynstellings tinke op dit stuit net oan in fúzje. Talant en Palet wurkje no al in soad gear yn Noardwest-Fryslân. Yn maaie takom jier moat dúdlik wêze hoe't de fierdergeande gearwurking derút komt te sjen.

Wichtige reden om mear gear te wurkjen, is it finansjele foardiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)