Gearwurking soarchynstellings

28 maaie 2014 - 18:01

Helporganisaasjes Zienn, Bureau Jeugdzorg, Welzijn Centraal en MEE Friesland hawwe woansdei in koöperaasje oprjochte. Koöperaasje Amaryllis is bedoeld om ynwenners fan de gemeente Ljouwert op in doelmjittige en goedkeape wize soarch jaan te kinnen.

It ryk hat in soad soarchtaken oerhevele nei de gemeenten, mar dêrby bot koarte op it budzjet. Yn Ljouwert moat koöperaasje Amaryllis dat regelje troch de wykteams te stypjen dy't de soarch ek echt leverje.

De nije organisaasje moat der ûnder oare foar soargje dat minsken net te krijen hawwe mei in grut ferskaat oan ferskillende helpferlieners, mar mei ien oansprekpunt. Klanten hawwe gjin kontakt mei de nije koöperaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)