Gearwurking skoalle en soarch

04 jun 2003 - 00:00

Bern mei gedrachsproblemen kinne fan woansdei ôf better holpen wurde. Tjallingahiem en de Bûtenskoalle yn Ljouwert binne begûn mei neiskoalse deibehanneling. De opfang is yn in as húskeamer ferboud lokaal. Bern krije les yn sosjale gedrachregels.

Troch de gearwurking kin skoalpersoniel maklik kontakt lizze mei begelieders fan Tjallingahiem. Tweintich bern meitsje gebrûk fan de neiskoalse deibehanneling op de Bûtenskoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)