Gearwurking op mêd toerisme

27 maaie 2009 - 22:07

Njoggen organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei toerisme yn Fryslân hawwe woansdei yn Earnewâld tasein dat se mear gearwurkje sille. It giet ûnder oaren om de provinsje, wettersportorganisaasje Hiswa, de Keamer fan Keaphannel en de VVV's.

Yn Earnewâld waard it earste Fryske toerismekongres hâlden. De njoggen organisaasjes wolle de winsken fan toeristen better yn de gaten hâlde. Meikoarten wurdt dêr ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)