Gearwurking Omrop - EenVandaag

13 okt 2011 - 11:31

EenVandaag en Omrop Fryslân sille gearwurkje op it mêd fan ûndersiken oer grutte nijstema's. It tv-program hat in eigen opinypennel dat út goed 40.000 leden bestiet. Wykliks krije de leden in email mei fragen oer hoe't se tinke oer saken dy't yn it nijs binne. De útslach fan de enkête wurdt yn de útstjoerings fan Een Vandaag bekendmakke.

Omrop Fryslân krijt troch de gearwurking de útkomsten oanlevere fan de goed 1600 Fryske leden fan it panel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)