Gearwurking oer jacht

19 feb 2003 - 00:00

Fryslân en Grinslân sille tegearre de jacht regelje. Dêrfoar binne saneamde faunabehearsienheden oprjochte. Mei jagers, grûneigners, Steatsboskbehear en Natuermonuminten wurde ôfspraken makke oer it jeien om wyldskea te bestriden.

Mei de ienheid kin planmjittiger wurke wurde. Boppedat kinne de belangen fan de belutsen partijen goed besjoen wurde. In mienskiplik sekretariaat komt nei alle gedachten yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)