Gearwurking nierdialyze

16 jul 2012 - 17:07

De sikehûzen fan Ljouwert en Snits sille fan 2013 ôf gearwurkje op it mêd fan nierdialyze. Yn it Antonius sikehûs yn Snits komt in nij dialyzesintrum mei acht behannelplakken. It doel fan de gearwurking is om pasjinten yn Snits en omjouwing tichtby hûs in behanneling jaan te kinnen.

Sa'n 32 pasjinten kinne fan 2013 ôf gebrûk meitsje fan de nije behannelplakken. It MCL fan Ljouwert is medysk ferantwurdlik foar de behannelings yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)