Gearwurking NHL en Stenden

31 aug 2013 - 10:13

De Ljouwerter hegeskoallen NHL en Stenden sille fan moandei ôf yntinsyf gearwurkje. De twa hegeskoallen hawwe dat freed yn in mail meidield oan alle meiwurkers. It giet yn earste ynstânsje net om in fúzje, al slút Leendert Klaassen fan it Kolleezje fan Bestjoer fan Stenden net út dat de gearwurking op termyn útrint op in fúzje. Willem Smink fan de NHL sjocht de yntinsive gearwurking as in logysk ferfolch op it ûntstean fan de kennis-campus, dêr't beide hegeskoallen oan fêstige binne.

Neffens Smink moat de gearwurking útrinne op 'de hegeskoalle fan de 21ste ieu'. De twa hegeskoallen sille de gearwurking de kommende moannen neier ferkenne. Pas dêrnei wurde besluten nommen oer mooglike ferfolchstappen. De hegeskoallen NHL en Stenden hawwe mei elkoar sa'n 22.000 studinten.

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert neamt de gearwurking tusken de beide hegeskoallen in goede earste stap. It bondeljen fan de krêften is fan libbensbelang foar it behâld fan HBU yn Ljouwert.

De meisizzenskipsried fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert is posityf oer de gearwurking mei de NHL. Se fine it fan belang dat de wurkgelegenheid en de kwaliteit fan it ûnderwiis behâlden bliuwt, mar hawwe hjir foarearst gjin soargen oer. De MR kin noch net sizze wat de reaksje fan it personiel op it nijs is. De meiwurkers binne krekt foar it wykein ynformearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)