Gearwurking natuer en ferfier

11 sep 2014 - 18:32
  • De oerkape binnentún fan it Natuermuseum Fryslân

It natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is tongersdei úteinset mei in nij ûnderwiis natuerprojekt. It projekt hjit 'Op avontuur in de natuur' en is ta stân kaam yn gearwurking mei it Fryske Gea en ferfiersbedriuw Arriva. It doel is om skoalbern op in ûntspannen wize yn 'e kunde komme te litten mei it iepenbier ferfier en de natuer. De bern geane mei de bus nei it museum en nei natuergebiet de Alde Feanen by Earnewâld. Op beide plakken krije se in rûnlieding.

It projekt hat foarearst romte foar 20 skoallen. Skoallen kinne har noch oanmelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)