Gearwurking mei skoallen Sina

29 okt 2014 - 19:50
  • NHL yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert en ferskate skoallen hawwe it ôfrûne wike kontrakten tekene foar gearwurking mei Liyang yn Sina. Sa stelle beide gemeenten 4 jier lang in stúdzjebeurs beskikber foar maksimaal trije Sineeske studinten. Sy kinne 1000 euro per jier krije om hjir te studearjen.

NHL, Stenden en it Nordwin sille ek seis Sineeske dosinten opliede. Yn Sina wurdt noch hiel strikt neffens de tradisjonele lesmetoaden wurke. Studinten fan Van Hall Larenstein reizgje meikoarten nei Liyang om te helpen mei it ûntwikkeljen fan in ekologysk resort.

Fierder stiet der noch in útwikseling tusken middelbere skoallen út beide regio's op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)