Gearwurking mei Leningrad

12 nov 2009 - 11:20
  • Der wurdt gearwurking socht mei Leningrad

It SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland) en it ûndernimmersnetwurk Nordconnect slute kommende wike in oerienkomst mei de provinsje Leningrad. Noard-Nederlân en Leningrad wolle û.o. útwikselingsprogramma's foar fakminsken en staazjes opsette en mei elkoar beurzen, tentoanstellings, eksposysjes en festivals organisearje.

De beide regio's wolle har dêrby foaral rjochtsje op lânbou, transport en logistyk, duorsume enerzjy, sûnenssoarch, kultuer en toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)