Gearwurking MCL en Martini

29 okt 2010 - 12:11

Pasjinten kinne better beskerme wurde tsjin mooglike flaters fan ûndersikers. Dat fine sikehûs MCL yn Ljouwert en it Martini-sikehûs yn Grins. Beide sikehûzen sille dêrom gearwurkje yn in kommisje dy't der op tasjocht dat ûndersiken nei nije behannelmetoades goed ferrinne.

Sa'n medysk etyske kommisje sjocht der bygelyks nei oft in pasjint net tefolle of de ferkearde medisinen krijt. De sikehûzen hawwe freed in yntinsjeoerienkomst ûndertekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)