Gearwurking lokale omroppen

28 apr 2014 - 13:10
  • De lokale omroppen ha in yntinsjeferklearring ûndertekene

Fiif lokale omroppen sille gearwurkje yn in regionaal mediasintrum. It giet om Radio Stad Harlingen, Radio Eenhoorn, RTV Noordoost-Friesland, RTV Kanaal 30 en Smelne. It RMC Noard- en East-Fryslân is it earste yn Fryslân.

Ut ûndersyk fan de Organisatie van Lokale Omroepen docht bliken dat lokale omroppen it dreech hawwe. Dêrom is in plan makke om lokale omroppen better gearwurkje litte te kinnen. De fiif omroppen sizze wol dat se selsstannich bliuwe, mar foaral op it mêd fan technyk, opliedings en programma's gearwurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)