Gearwurking kuorbal en fuotbal yn Jobbegea is fan de baan

25 feb 2016 - 12:57
  • VV Jobbegea

De gearwurking tusken fuotbalklup VV Jobbegea en kuorbalferiening Wordt Kwiek giet net troch. It is finansjeel net helber. It wie de bedoeling dat se allebeide de akkommodaasje fan VV Jobbegea brûke soene, mei nije klaaikeamers. Dêr soe ûnder oare ek in keunstgersfjild oanlein wurde.

Yn ôfwachting fan de gearwurking hat de kuorbalferiening sûnt 2010 al gjin ûnderhâld mear dien oan de klaaikeamers fan de klup.

De PvdA-fraksje yn de gemeente Hearrenfean wol witte wêrom't de gearwurking tusken fuotbalklup VV Jobbegea en kuorbalferiening Wordt Kwiek net trochgiet en wat der no bart mei de besteande fjilden en de gebouwen. It keunstgersfjild dat oanlein wurde soe by VV Jobbegea is no ek fan de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)