Gearwurking KNKB en KNVB

25 nov 2009 - 11:10

Meiwurkers fan it kantoar fan de KNKB yn Frjentsjer ferhúzje mooglik nei It Hearrenfean. Dat hat te krijen mei de gearwurking mei it fuotbalbûn KNVB.

Neffens bestjoerslid Piet_Zondervan fan it keatsbûn leit it gefoelich om´t Frjentsjer mear de assosjaasje mei keatsen opropt as It Hearrenfean. De KNKB wol dêrom it gebou sels net ferkeapje. Dêr kinne noch fergaderingen plakfine. It bûn bliuwt ek statutêr festige yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)