Gearwurking jong kultuertalint

09 jul 2014 - 06:02

Der komt in nije foarstelling mei teater, muzyk en dûns fan jong Frysk talint. It is in gearwurking fan it Frysk Jeugd Orkest, de Jeugd Dûnsoplieding Fryslân en teaterskoalle 'n Meeuw. It is foar it earst dat de organisaasjes meielkoar op de planken stean. De gearwurking is opset foar it 25-jierrich bestean fan teatergroep 'n Meeuw.

120 jongeren dogge mei oan de foarstelling. Mei it stik wolle de organisaasjes sjen litte hoefolle jong talint oft Fryslân hat. Se wolle ek in nije generaasje jongeren entûsjast meitsje foar de kultuerwrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)