Gearwurking iishal en BV-Sport

23 des 2003 - 00:00

De Stichting IIshal Ljouwert sil tenei gearwurkje mei de BV Sport, it sportbedriuw fan de gemeente Ljouwert. De belangrykste reden foar it gearwurkjen is dat dêrmei it fuortbestean fan de iishal mear kâns hat.

De iishal kin tenei gebrûk meitsje fan de saakkundichheid fan de meiwurkers fan BV-Sport. Oarsom wurdt it oanbod fan BV-Sport dan útwreide mei de foarsjennings fan de iishal. Besjoen wurdt oft de iishal simmers ek iepen kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)