Gearwurking hospice en stifting

24 mrt 2006 - 10:03

It hospice 'Smelnehaven' en de stifting Vrijwillige Palliatieve Zorg yn Drachten sille mear gearwurkje. Ek binne der goede ôfspraken makke mei profesjonele thússoarchorganisaasjes, lykas De Friese Wouden.

Doel is om de soarch foar minsken dy't gebrûk meitsje fan it hospice noch better te begelieden yn har lêste libbensoeren. In hospice is in alternatyf foar minsken dy't net thús stjerre kinne of wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)