Gearwurking Hearrenfean en RUG

08 apr 2006 - 17:09

Sportklub Hearrenfean hat in oerienkomst tekene wêrmei't de fuotbalklub in gearwurking oangiet mei de Ryksuniversiteit Grins, RUG. De oerienkomst hâldt yn, dat bewegingswittenskippers in profyl meitsje fan alle spilers mei as doel om de spilers better te meitsjen.

Dêrby wurdt sjoen nei sawol fysike as psychyske kwaliteiten fan in spiler. Yn earste ynstânsje giet it foaral om jeugdspilers fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)