Gearwurking fiif korporaasjes

20 sep 2000 - 10:23

Fiif wenningboukorporaasjes yn de A7-regio sille mear gearwurkje. De korporaasjes fan It Hearrenfean, De Jouwer, Wolvegea en twa yn Snits tinke mei de bondeling sterker konkurrearje te kinnen.

Troch de skaalfergrutting ha de stichtingen 18.000 huzen yn behear. Se kinne mei elkoar doelmjittiger ynspylje op de fraach. Ek op it mêd fan finânsjes en organisaasje is gearwurking foardielich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)